Category Geen categorie

16 Maart 2018 – Foarprogramma Bökkers!

Oankommende freed stean wy yn’t foarprogramma fan Bökkers yn it Bolwurk yn Snits!

Linkjuh!

Read More >>

26 Augustus – Dodo Festival Bakkefean

Op 26 augustus spylje wy op it Dodo Festival yn Bakkefean.

Bouwfak, Bier en Boerenrock! De ideale manier om de fekânsje ôf te slúten!

De tagong is fergees (veur de hollanders; dit betekent GRATIS), dus mear jild om bier te sûpen!!!!

Read More >>

04 Februari ’17 – Lytske Wâldpop Burgum

Op 4 februari spylje wy op Lytske Wâldpop yn de Pleats yn Burgum.

Dit is in foarronde fan it Wâldpop festival wat op 25 maaie yn Burgum hâlden wurd.

Wa’t de measte stimmen fan it publyk kriget, mei op it festival spylje…

Dus wy ha JIM noadig om op ús te stimmen!!!!! (as om in lyts bommeldinkje te dwaan nei dat wy spile ha 😉

HINNE BLIXEM EN LIT BURGUM HEARRE WA’T WINNE MAT!!!

 

Read More >>

12 juni Doarpsfeest de Tike

Hatseflats, op freed 12 juni spylje wy op it doarpsfeest yn’e Tike.
Fanôf in oere as healwei alven sille we de tinte even flink dreune litte!!!
De yntree is hast om’e nocht, dus hinne blixem!!!!

Poster de Tike

Read More >>

Nije foto’s

Wy ha de roltsjes wer ûntwikkelje litten en ús fotoalbum op’e site bywurke.

Klikkerdeklik

 

Read More >>

13 december Kafee Waggelwetter yn Dokkum

Ah goeiedag even,

Oankommende saterdei 13 december spylje wy yn Kafee Waggelwetter yn Dokkum.

Wolst der by wêze???? Dan mast net te let komme, want fol=fol!!

Dan sil we ris even sjen at de âlde bolwurken noch bestand binne tsjin in potsje stevige frysktalige boerenrock! #plankgas #rocknroll

Read More >>

15 November Trijexnix yn’e Smidterij yn Aldegea

Poster Smidterij 15-11-2014

Read More >>

De Trije X Nix App!!!

Jhiiiehaaa, it is sa fier!!!
Fanôf hjoed is ús eigen Trijexnix app te downloaden yn de Google Play Store! Dus wêr yn’e wrâld ast ek bist, al stjist yn’e file, rydst op it it hynder oer de prairie as leist tusken de kei:

Oan de hân fan dizze app bliuwst oeral en altyd op’e hichte fan it lêste nijs omtrint Trije x nix. Nije nûmers, foto’s & fideo’s en fansels in aginda mei wêr ast de Cowboys út’e Wâlden live sjen kinst fansels.

De mannen fan AGI Applications wurde tige bedankt foar it meitsjen!

Klikkerdeklik: Downloade kin hjir!

Read More >>

Trijexnix

Yn de donkere neidagen fan 2011 sieten der trije, wat nuver eachjende, manlju byelkoar yn in rokerig oefenhok.
Dêr, oan’e râne fan’e wâlden, waarden djipsinnige gedachten ùtwiksele; “Oranjeboom is pyn-yn’e-harsens bier, der is mar ien soart beerenburg en dat is Sonnema, de rest is jarre wetter!”
Terwyl de trije fierder giene mei it ùtwikseljen fan mear fan dizze triviale levenfragen, lei der yn de iene hoeke in wurkleaze basgitaar, yn de oare hoeke stie in gitaar mei snaren read fan’e rust en it drumstel wie net iens te sjen, sa dik siet dat ûnder it stof.
It iene nei it oar fleske Schültenbrau waard doppe en de sfear waard steeds geselliger.
Der waard in stikje musyk op set en alle trije songen se folop mei, de ien wat sùverder as de oar, mar wol alle trije, en dat is wol knap, in ...

Read More >>