Biografie

Yn de donkere neidagen fan 2011 sieten der trije, wat nuver eachjende, manlju byelkoar yn in rokerig oefenhok.
Dêr, oan’e râne fan’e wâlden, waarden djipsinnige gedachten ùtwiksele; “Oranjeboom is pyn-yn’e-harsens bier, der is mar ien soart beerenburg en dat is Sonnema, de rest is jarre wetter!”
Terwyl de trije fierder giene mei it ùtwikseljen fan mear fan dizze triviale levenfragen, lei der yn de iene hoeke in wurkleaze basgitaar, yn de oare hoeke stie in gitaar mei snaren read fan’e rust en it drumstel wie net iens te sjen, sa dik siet dat ûnder it stof.
It iene nei it oar fleske Schültenbrau waard doppe en de sfear waard steeds geselliger.
Der waard in stikje musyk op set en alle trije songen se folop mei, de ien wat sùverder as de oar, mar wol alle trije, en dat is wol knap, in folslein oare tekst!
Doe rôp der ien: “Dit is trije kear nix!” De oare twa seachen him oan en seinen tagelyk: “Ofpraat, dat kin om ùs wol!

Hastich waard de bas ùt’e hoeke pakt, nij snaren op’e gitaar set en it drumstel ùtgraaft`onderde bult stof wei.
It ûnstean fan trije kear nix, wie in feit!